NameJoseph Machiels Gersjes , 14037
Birthabt 1764, Jasso, Hungary or Poland
Death10 Jan 1849, Mirns en Bakhuizen, Holland
Spouses
Birthabt 1778
Death1844, Wijckel, Holland
Notes for Joseph Machiels Gersjes
LEEUWARDER COURANT, D.D. 12 MAART 1994:
IT TRAGYSKE LIBBEN FAN FLECHTLING JOAZEF GERSJES
YN GAASTERLAN inkelde roomske femyljes mei in wat bysûndere namme: Gersjes. Mooglik wenje der earne oars ek noch minsken mei dy namme, mar hy heart wol spesjaal yn Gaasterlân thús. Want de Gersjesen dy't yn ús regionen wenje skaaie allegearre út fan Joazef Gersjes, in flechtling út Poalen, dy't oan de ein fan de achttjinde ieu yn Gaasterlân bedarre.
De skriuwer en dichter Freark Dam út Balk fertelde ús, dat ien fan de minsken út it Gersjeslaach, M. D. Mous, yn 1958 it ien en oar opskreaun hat oer wat der yn de femylje noch bekend wie oer Joazef. It ferhaal stiet ôfprinte yn de Katholike Fries, it blêd fan it Roomsk Frysk Bûn.
It wie doe al goed oardel ieu neidat Joazef flechten wie, mar dochs koe Mous noch in soad nijsgjirrichs fertelle. It is in bewiis dat 'oral history', dat wol sizze it sammeljen fan histoarysk materiaal fia oerlevering, somtiden wichtige bydragen ta ús kennisse fan it ferline leverje kin.
Lykas sa faak mei flechtlingen is ek it ferhaal fan Joazef tragysk. Hy waard yn 1764 berne yn it doarpke Jasso yn Galisië, yn Súd-Poalen. Hy wenne dêr mei twa bruorren yn by harren mem, in widdo, dy't in boerespultsje hie. De bruorren tsjinnen ek as soldaat yn it Poalske leger.
Poalen rekke yn de achttjinde ieu inkelde kearen yn oarloch mei syn machtige buorlju, Ruslân, Eastenryk en Prusen. Dy besochten hieltyd wer, stikken lân fan Poalen ôf te nimmen. Uteinlik soe dat slagje, en ferdwûn Poalen as ûnôfhinklike steat fan de kaart.
Dat fatale eagenblik kaam yn 1794. Poalen waard fan trije kanten oanfallen, en generaal Kosciulszko rôp syn lânslju op, mei him te striden foar it behâld fan de frijdom. Joazef syn mem rekke fol fjoer en fûn dat har trije jonges ek meidwaan moasten. Mei hûnderten goede riedjouwings en in medalje fan Maria om teagen de mannen nei it front.
De Poalen ferlearen de slach, en tûzenen waarden weifierd yn finzenskip. De trije bruorren bleaunen by elkoar, en waarden troch de Eastenrikers mei oaren opsletten yn in hok earne yn Galisië. Nei inkelde dagen en nachten besleaten hja te flechtsjen. Fan stâlen roggestrie draaiden hja yn stilte in lange reap, dy't fêstmakke waard oan ien fan de stilen yn it hok. Doe glieden hja ien foar ien nei bûten ta, de tsjustere nacht yn, en belânen dêrby yn de grêft om it hok hinne.
Dy grêft stie fol modder. De beide âldsten slaggen deryn om op de wâl te kommen, mar de jongste bleau stykjen. Hy doarde syn bruorren net te roppen, fanwege de wachters, en de twa oaren tochten, dat hy har wol efternei komme soe. Dat barde lykwols net. Wat er fan him wurden is, is net bekend. Joazef hat letter oan syn bern yn Gaasterlân ferteld , dat er yn de modder omkommen is.
De beide oare bruorren setten yn elts gefal de sokken deryn. Oerdei skûlen hja yn de bosken en yn de nacht reizgen hja hoeden fierder nei it westen, mei de stjerren as kompas. Harren doel wie in lân te finnen dêr't gjin Dútsk sprutsen waard. Op harren lange tocht libben hja fan rapen, krûden en fruchten fan it fjild.
It ferhaal fan harren tocht is no nei twa ieuwen net mear te rekonstruearjen, mar men kin him der licht in foarstelling fan meitsje, hoe't it gien is. Uteinlik bedarren de mannen yn Drinte, en dêrnei yn de Lemmer. Dat wie yn de hjerst fan 1794. Dêr seach de jongste fan de twa skippen. Hy besleat te besykjen oan board te kommen om sa werom te gean nei Poalen, nei syn mem. Wat der fan him wurden is, witte wy net. Mar Joazef besleat te bliuwen. Hy gyng yn de skimer op 'n paad nei Sleat. Dêr waard er de jûns let sliepend fûn op in stoepe. De grytman fan Sleat naam Joazef under syn hoede. No wie der yn it stêdsje doe krekt in reizgjende sigeunerdokter. De grytman liet de man ophelje en frege de dokter, oft hy Joazef, dy't eins allinnich mar Poalsk prate koe, ek ferstean koe. Dat slagge: de dokter koe safolle begripe, dat er de grytman fertelle koe, wa't Joazef wie en hoe't er yn Sleat telâne kommen wie. De grytman soarge der ek foar dat Joazef plak krige: as feint by in boer yn Wikel.
Joazef wie sterk en de boer wie tefreden oer him. Nei net al te lange tiid learde Joazef ek de Fryske taal te sprekken en doe duorre it ek net lang mear, dat er ris op frijersfuotten gyng. Nei inkelde jierren troude er mei in famke út de omkritten, Hindrikje Koning. Joazef en Hindrikje setten har te wenjen op de mûne yn de Wikelder Ywet. Yn it jier 1800 kaam harren earste: Evertsje, de beppe fan de niisneamde M. D. Mous.
Joazef, dy't in soad wist fan de natoer, sammelde bloedsûgers en krûden tsjin syktes. Dy ferkocht hy. Yn Sleat krige er sa de bynamme 'Poalske dokter'. It siet him yn syn persoanlik libben net mei. Hindrikje ferstoar nei inkelde jierren. Letter fûn Joazef wer in frou: Akke Spikerman. Tegearre mei Akke krige er noch in tal bern. Oan syn bern en letter bernsbern koe Joazef weemoedige ferhalen fertelle oer it lân dêr't er weikaam wie, maar dat er nea wer sjen soe.
Ut de gegevens fan de boargerlike stân yn it Ryksargyf yn Ljouwert docht bliken dat Joazef yn elts gefal fjouwer dochters (Evertsje, Iebeltsje, Marijke en Janke) en trije soannen (Michael, Gerrit en Jurrien) hân hat. Syn âldste dochter Evertsje troude yn 1822 mei Hindrik Kleiboer, mar dy rekke nei twa jier al wei. Yn 1833 troude Evertsje wer, no mei Manus Mous. Evertsje is yn 1864 weirekke.
Joazef syn twadde frou Akke rekke jong wei, en de âld man soe ek fjouwere fan syn bern oerlibje: Gerrit, dy't yn 1830 weirekke, Jurrien, dy't yn 1838 ferstoar en Iebeltsje en Marijke, dy't harren bruorren yn 1847 en 1848 yn de dea folgen. Joazef sels gyng op 10 jannewaris 1849 út it libben. Hy wie doe 85. Hy is begroeven op it Murnzer tsjerkhôf, efter it âlde klokhûs oan de westkante. Der is neat dat mear oan him tinken docht. Der hat lang in pealtsje stien, dat de grêven fan de Roomske earmen oanjoech, mar ek dat is al lang wei.
ALLEFRIEZEN.NL:
Bron: BS Overlijden
Soort registratie: BS Overlijden akte
(Akte)datum: 11-01-1849
Overledene: Jozef Michiels Gersjes (werkman), leeftijd 85 jaar, geboren te Jasso (Hongarije), wonende te Mirns en Bakhuizen, overleden op 10-01-1849 te Mirns en Bakhuizen, weduwnaar van Hendrikjen Johannes Koning (werkvrouw), wonende te Balk, overleden te Balk, eerder weduwnaar van Akke Joukes Spijkerman, wonende te Wijckel, overleden te Wijckel.
Bronvermelding: Overlijdensregister 1849, archiefnummer 30-14, Burgerlijke Stand Gaasterland - Tresoar, inventarisnummer 3004, blad 001
Gemeente: Gaasterland
Periode: 1849
BOVENSTAANDE AKTE OP 22 APRIL 2008 IN RIJKSARCHIEF LEEUWARDEN BEKEKEN:
Werkman, wonende en overleden te Mirns en Bakhuizen, geboren te Jasso? in Hongarije, weduwnaar eerst van Hendrikjen Johannes Koning, in leven werkvrouw, gewoond hebbende en overleden te Balk, en laatst van Akke Joukes Spijkerman?, in leven gewoond hebbende en overleden te Wijckel.